Vervolg verhaal Reinder Spriensma
Reinder Spriensma – In fergetten oarlochslachtoffer.
4 Maaie is de dei dat wy ús oarlochslachtoffers betinke.
Ik waard d’r opmerksum op makke dat dan nea de namme fan Reinder Spriensma út Oerterp neamd wurde.
De namme sei my earst ek neat, oant ik my wat mear ferdjippe yn syn tragyske skiednis.
It jout in byld fan in moedich en prinsipieel man, dy’t neffens myn betinkst as oarlochslachtoffer net samar fergetten wurde mei.
Oerterp, maaie 2017
Roel van der Heide
Reinder Spriensma (8-6-1916 – 30-1-1945)
Reinder Spriensma en Nel de Wal trouden op 29 maart 1940 en kamen te wenjen op in buorkerij oan de Ferbiningswei yn Oerterp.
De buorkerij stiet d’r noch, direkt oer it fiadukt fan de A7 hinne. Allinne heart it net mear by Oerterp, want nei de oanlis fan de rykswei is dit stikje Opsterlân by Smellingerlân kommen.
De Spriensma’s wienen tsjerklik aktyf yn de Vrijgemaakte tsjerke oan de Feart.
Yn de rin fan de oarloch sochten hieltyd mear minsken ferskûl foar de besetter. Yn’t begjin gie dat nochal gaoatysk en ûnorganisearre.
Fanút de tsjerken waard doe de LO oprjochte (Landelijke organisatie voor hulp aan Onderduikers).
De LKP (Landelijke KnokPloegen) wie de militante takke fan de LO dy’t û.o. oerfallen plege om bygelyks oan persoansbewizen en bonnen te kommen.
Reinder wie ien fan de initiatyfnimmers fan de LO-sel yn Opsterlân. Fan de tsjerke út waard him fersocht om ek Joadske ûnderdûkers ûnder te bringen.
Dat frege moed en lef, want hy wist donderse goed dat it libbensgefaarlik wie om Joaden ûnderdak te ferskaffen.
Earst kaam der in Joads echtpear, letter noch in Amsterdamske Joad, mar dy hawwe letter earne oars ûnderdak krigen. Dêrnei kaam in âlder Joads doktersechtpear út Amsterdam, Abraham en Rosa Jacobson.
De bern neamden har Pake en Beppe oare keamer, want har skûlplak wie efter in wantsje wêr’t in kast foar set wie. Dêrefter wie in lytse romte wêr’t krekt in bêd en in pear stuollen stean koenen.
Ferrieden
9 Augustus 1944 wie in moaie simmerdei. Dy moarns kaam d’r in Dútse oerfalwein mei SD-ers it hiem opriden. De buorkerij waard omsingele en fan binnen en bûten mei speurhûnen trochsocht. Dêrby waard it skûlpak ûntdutsen.
De beide ûnderdûkers waarden oppakt en ek Reinder dy’t noch besocht hie om him te ferskûljen, waard net sêftsinnich oppakt en ôffierd.
Ferdwaasd bleau Nel mei har beide lytse bern en de tredde op komst, yn fertwiveling eangst en grutte ûnsekerheid, op de pleats efter.
It Joadske doktersechtpear Jacobson is deselde deis noch nei Westerbork oerbrocht en op 3 september mei de trein ôffierd nei Auschwitz, wêr’t hja direkt nei oankomst op 6 septimber 1944 yn de gaskeamers fermoarde binne.
Reinder waard oerbrocht nei Grins wêr’t hy troch de SD ûnderfrege waard yn it beruchte Scholtenhuis oan de Grutte Merke. Om ynformaasje út de arrestanten te krijen wurden yn dit ‘voorportaal van de hel’ de arrestanten oan de swierste mishandelingen en martelingen ûnderwurpen.
Reinder hat lykwols gjin krimp jûn en nimmen ferret, want oars wienen d’r wol mear oerfallen folge.
Hy hat noch kâns sjoen in koart briefke de plysjesel út te smokkeljen.
Op 20 aug. 1944, in dei foardat hy oerbrocht waard nei it konsintraasjekamp Vught yn Brabân, skreau hy fanút de finzenis noch in brief oan syn frou en bern.
In pear sitaten derút:
Beste vrouw en kinderen
Allereerst kan ik je vertellen dat ik nog goed gezond ben. Het is Zondagavond. Hoe gaat het met jullie. De moed niet laten zakken hoor! Want dan is het helemaal mis. Vrouw, het oog omhoog, je weet wel waar je je steun moet zoeken is het niet?
Dan komt de boer efkes oan’t wurd:
Jullie hebben niet teveel tarwe op het nieuwe hooi gezet wel? Dat is nog gevaarlijk voor het broeien. Hou dat in de gaten hoor!
Efkes letter:
Morgen vertrek ik, waarheen weet ik niet, afwachten meer kan ik niet. Bidden dat is hier de hoofdzaak voor ons. En daar zul jij mijn vrouw de kracht ook wel uit putten.
Pas goed op de kinderen. Geef ze elk een zoen van mij en jijzelf natuurlijk ook.
Hy eindigt de brief mei:
We hopen dat we elkaar weer gauw in de beste gezondheid mogen terugzien.
Ontvang de hartelijke groeten van je liefhebbende man, Reinder
Ps: Ico en Sienke; Goed oppassen hoor!
Word je gewaar waar ik zit stuur me dan zo gauw mogelijk mijn beste bretels.
Dat is it lêste teken fan libben dat hja fan him krigen ha.
Twangarbeider
Lang hat hy net yn kamp Vught sitten. Nei ‘Dolle Dinsdag’,5 september 1944 rekke de besetter yn grutte panyk. De oare deis al waard it kamp hals oer kop ûntrûme.
De froulju wurden oerbrocht nei it ‘frouljuskamp‘ Ravensbrück.
De manlju, ek Reinder, wurden dy deis mei de trein op transport set nei Oranienburg.
Dêr wurde hy te wurk steld yn kamp Sachsenhausen, dat leit in goede 30 km noardlik fan Berlin.
It wie in konsintraasjekamp en wurkkamp, wêr’t finzenen as twangarbeider of better sein as slaaf útliend waarden oan bedriuwen.
Dat alles wist de famylje doe net.
Dominee Joh. De Wal, in broer van Nel frege op 18 sept. by it Ned. Roode Kruis om ynljochtingen oer Reinder.
It antwurd komt 8 november.
Correspondentie met deze gevangenen is eerst mogelijk, wanneer de familie een persoonlijk bericht van hen heeft ontvangen, waarin het blok- en gevangenennummer wordt medegedeeld.
Mar dat hienen se net.
Reinder moast yn in klaaiput wurkje. De swiere klaai moast mei houten kroaden of lorry’s in ein nei boppe nei in stienfabryk kroade wurde.
Net allinne de wurkomstannichheden wiene bûtengewoan swier, as men yn de eagen fan de bewakers net hurd genôch wurke, kaam de swipe deroer. Mar ek it iten en it ûnderdak wie striemin.
Troch al dizze ûnbearingen rekke Reinder, ek al wie it in sterke jonge keardel, tige ferswakt.
It hurde bealgjen, it minne iten en ûnderkommen en syn soargen oer syn dierberen easke syn tol.
Begjin jannewaris 1945 krige hy in swiere longûntstekking. Klaas Duursma út de Wylp, dy’t dêr ek ynterneard wie hat him doe oer Reinder ûntferme en him ekstra iten tastoppe. In Noarske dokter hat him sa goed mooglik fersoarge. It hat lykwols gjin fertuten dien. 30 Jannewaris 1945 is Reinder noch mar 28 jier âld, ferstoarn.
Syn stoflik omskot is dêrnei kremeard yn it kamp.
De prangjende fraach is hoe koe dizze katastrofe plakfine.
It is wol seker dat de Dútsers op’e hichte wiene dat d’r yllegale dingen barden yn de buorkerij fan de Spriensma’s.
It wie gjin willekeurige buertrazzia op 9 aug. Nee, de Dútsers wisten presys wêr’t hja wêze moasten.
D’r moat dus wol ferrie yn’ t spul west ha, mar troch wa, dat sil wol foar altyd in riedsel bliuwe.
It kin in NSB-er of in oare kollaborateur west hawwe mar ek in frustrearre (eks)-ûnderdûker of ien dy’t de premy opstrike woe dy’t op it oanjaan fan Joaden stie. Ek dy minsken wienen der!
Noch twa moanne hat de famylje yn it ûngewisse west oer it lot fan Reinder. Pas yn maart, in moanne foar de befrijing kaam in befêstiging fan syn dea.
It foel foar Nel net mei om de tried fan it libben wer op te pakken. Nei it ferlies fan har man stie hja allinne foar de opfieding fan trije lytse bern en de soarch en noed foar in buorkerij.
Hja wie dûbel swier troffen want oardeljier derfoar, 3 maaie 1943 wie har broer Sibbele omkommen as ien fan de 16 slachtoffers dy’t mei de maaiestaking deasketten binne by Trimunt.
It gemis, en de ûnsekerheid net te witten wat d’r úteinlik mei har man bard is en nea de kâns krigen te hawwen om fatsoenlik ôfskie te nimmen, bleau in iepen wûne dy’t mar net hielje woe.
Boppedat hie hja de tiid net mei. Nederlân wie wer frij en de mouwen waarden opstrûpt om it lân wer op te bouwen. De oarloch woe men sa gau mooglik efter him litte en foarút sjen. Net seure mar oanpakke wie it devys. Deryn wie gjin plak foar rou en rouferwurking. Dat hat ek sear dien.
Neist de famylje socht Nel har treast en krêft yn de tsjerke en har fêste geloofsoertsjûging.
Ein 1945 binne hja fan de pleats ôfgien en kamen yn it doarp te wenjen. Mids fyftiger jierren Is it gesin nei de Mounein yn Drachten ferhuze.
Dat hja d’r úteindelik dochs wer yn slagge binne om it libben te libjen, fertsjinnet ús respekt en wurdearring.
En Reinder Spriensma moat in eareplak ha tusken alle oaren dy’t har soarch en noed foar de meiminske mei har libben betelle ha.
Mei tank oan de famylje Spriensma
Het verhaal van Roel van der Heide eindigt met de zin:
“En Reinder Spriensma moat in eareplak ha tusken alle oaren dy’t soarch en noed foar de meiminske mei har libben betelle hawwe.”
Reinder Spriensma is in Sachsenhausen omgekomen en gecremeerd. Hij heeft geen graf in Ureterp en dat kan wellicht de reden zijn geweest dat zijn vrouw besliste dat er geen herinneringszuil voor hem op de begraafplaats van Ureterp behoefde te komen.
Tijdens zijn onderzoek kreeg Roel van der Heide contact met zoon (eveneens) Reinder Spriensma. Zijn moeder was inmiddels overleden en een deel van de familie zou graag zien dat er een klein monumentje ter herinnering van hun heit en pake op de begraafplaats in Ureterp zou komen.
In nauw overleg met familie, het college van kerkrentmeesters van It Keningsfjild en de Stichting Friesland 1940-1945 is er door deze stichting eenzelfde herinneringszuil op de begraafplaats van Ureterp geplaatst als vele andere verzetsmensen direct na de oorlog hebben gekregen.
Deze zuil is op 4 mei 2018 onthuld.
“It hat even duorre, mar oan Reinder Spriensma is hjirmei lokkich noch rjocht dien en sil syn namme by elke 4 maaie-betinking ek betocht wurde.”
Gerke de Vries, maart 2022